Premjêre muzikaal iepenloftspul Wat bisto leaflik!? op 8 juny yn Spannum

U vindt de Nederlandse tekst onder de Friese tekst in dit bericht.

CMV Oranje Spannum bestiet dit jier op 11 oktober 125 jier. Dat fiert de feriening mei de útfiering fan it iepenloftspul Wat bisto leaflik!? De foarstelling giet oer it libben fan Waling Dijkstra, ien fan de grutste Fryske CMV Oranje Spannum poster Wat bisto leaflik Largeskriuwers en dichters en grûnlizzer fan de Fryske toanielkultuer. Neist toaniel is der in grutte rol foar de muzyk. De muzyk foar de foarstelling is komponearre troch Thom Zigterman, de dirigint fan CMV Oranje Spannum.

It ferhaal

Waling Dijkstra moast yn Spannum mei syn mem de bakkerij draaiende hâlde. Folle leaver wie er dwaande mei syn passy: it skriuwen en dichtsjen yn de Fryske taal. Yn it doarp wie er net altyd populêr om syn oare wize fan tinken. Ek op romantysk mêd naam Waling it net sa nau mei de ûnbeskreaune regels. Dit alles soarge foar in soad drama yn it libben fan de keunstner. De titel Wat bisto leaflik!? ferwiist nei syn bekende liet Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn. Mar wie Waling sels wol sa leaflik?

Passy Pôle

Foarôfgeand oan it iepenloftspul kinne besikers alfêst yn de sfear komme op de Passy Pôle. Yn dit foarprogramma kinne besikers de passys fan Waling Dijkstra sels belibje. Yn in noflike sfear gean se kreatyf oan de slach of genietsje de besikers fan in moaie foardracht ûnder it genot fan in hapke en drankje. Oftewol: it wurdt in iepenloftspul mei passy. It iepenloftspul is in mienskiplik inisjatyf fan CMV Oranje Spannum en stichting Mei-inoar Spannum.

Kaarten bestelle

It iepenloftspul Wat bisto leaflik!? is te belibjen op 8 (premjêre), 9, 10, 15, 16 en 17 juny 2023. Kaarten binne te keap fia: www.watbistoleaflik.nl.


 

Première muzikaal openluchtspel Wat bisto leaflik!? op 8 juni in Spannum

CMV Oranje Spannum bestaat dit jaar op 11 oktober 125 jaar. Dit viert de vereniging met de uitvoering van het openluchtspel Wat bisto leaflik!? De voorstelling gaat over het leven van Waling Dijkstra, één van de grootste Friese schrijvers en dichters en grondlegger van de Friese toneelcultuur. Naast toneel is er een grote rol voor de muziek. De muziek voor de voorstelling is gecomponeerd door Thom Zigterman, de dirigent van CMV Oranje Spannum. 

Het verhaal

Waling Dijksta moest in Spannum met zijn moeder de bakkerij draaiende houden. Veel liever was hij bezig met zijn passie: het schrijven en dichten in de Friese taal. In het dorp was hij niet altijd geliefd vanwege zijn andere manier van denken. Ook op romantisch gebied nam Waling het niet zo nauw met de ongeschreven regels. Dit alles zorgde voor veel drama in het leven van de kunstenaar. De titel Wat bisto leaflik!? verwijst naar zijn bekende lied Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn. Maar was Waling zelf wel zo ‘leaflik’?

Passy Pôle

Voorafgaand aan het openluchtspel kunnen bezoekers alvast in de sfeer komen op de Passy Pôle. In dit voorprogramma kunnen bezoekers de passies van Waling Dijkstra zelf beleven. In een ongedwongen sfeer gaan ze creatief aan de slag of genieten de bezoekers van een mooie voordracht onder het genot van een hapje en drankje. Oftewel: het wordt een openluchtspel met passie. Het openluchtspel is een gezamenlijk initiatief van CMV Oranje Spannum en stichting Mei-inoar Spannum.

Kaarten bestellen

Het openluchtspel Wat bisto leaflik!? is te beleven op 8 (première), 9, 10, 15, 16 en 17 juni 2023. Kaarten zijn te koop via: www.watbistoleaflik.nl.


 Bron: Oranje Spannum [WEBSITE]